Vergeet niet kaarten voor deze voorstelling (22 februari 2019) te reserveren

It wie op in Simmerjûn basearre op wier barde ferhalen

Pier21 komt op ‘e nij mei in yngripende foarstelling basearre op wier barde ferhalen en gegevens. Mei ‘It wie op in simmerjûn’ wurde de tema’s ‘voltooid leven’ en de ‘maakberheid’ fan it libben oansnien. Yn hoefierre kinne wy minsken ús eigen libben stjoere? Kinne wy beslute om by in partner te bliuwen en by elkoar te hearren? Hâlde ús besluten oer (foltôge) libben en dea stân oan de râne fan it bestean? Binne wy altyd de dirigint fan ús eigen libben?
Under oaren de Fryske Biblioteken, mediapartner Omrop Fryslân en it MCL hawwe it tema omearme en fersoargje in râneprogrammearring tidens de spylperioade.

Opmerkingen voor dit bericht zijn gesloten.